Pieter Weening hat winstkâns

02 aug 2013 - 22:17
  • Pieter Weening

Pieter Weening is freed yn de sechde en lêste berchetappe fan de Ronde fan Poalen sechde wurden. De winst gong nei de Kolombiaan Darwin Atapuma, op twa sekonden folge troch de Frânsman Christophe Riblon. Riblon is ek de nije lieder yn it algemien klassemint. Pieter Weening kaam yn in groepke op 22 sekonden efterstân oer de streek. Yn it klassemint stiet Weening fiifde op mar 27 tellen fan Riblon.

Sneon wurdt de Ronde fan Poalen ôfsletten mei in yndividuele tiidrit oer 37 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)