Pieter Weening ferlit Rabobank

06 jul 2011 - 22:24
  • Pieter Weening (argyffoto: awfoto.nl)

Pieter Weening nimt nei dit seizoen ôfskie fan de Rabobank. De 30-jierrige hurdfytser fan De Harkema is ta oan in nije útdaging. Weening mei noch net sizze wêr't hy takom seizoen syn kilometers meitsje sil. Fan de UCI, de ynternasjonale hurdfytsorganisaasje, mei dat earst nei 1 augustus.

Pieter Weening begûn yn 1999 yn de opliedingsploech fan de Rabobank. Yn 2004 waard er beropshurdfytser. Hy wûn yn 2005 in etappe yn de Ronde fan Frankryk en dit jier yn de Giro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)