Pieter Weening 4de yn Thüringen

06 maaie 2003 - 00:00

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema is fjirde wurden yn 'e prolooch fan 'e Thüringen Rundfahrt yn Dútslân. De oermacht fan Pieter syn ploech, de Rabobank, wie grut. Want krekt foar Pieter einigen syn ploechmaten Joost Posthuma, Niels Scheuneman en Bas Giling.

Nei de prolooch oer 3,4 kilometer folgje noch seis etappes. Ferline jier skreau Pieter Weening de Thüringen Rundfahrt op syn namme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)