Pieter Jan Postma wis fan OS

07 feb 2008 - 13:38

Siler Pieter Jan Postma fan Terkaple giet definityf nei de Olympyske Spullen yn Sina. It NOC*NSF hat de foardracht fan it Nederlânske wettersportbûn oernaam. Dêrmei is pleatsing foar Peking wis.

Pieter Jan Postma moast op it wrâldkampioenskip yn Melbourne yn jannewaris foarmbehâld toane. Mei in fjirde plak slagge er dêr maklik yn. De Spullen wurde yn augustus hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)