Pieter-Jan Postma wint EK-race

26 aug 2009 - 18:54
  • Pieter-Jan Postma (foto: Kamen Kovachev)

Pieter-Jan Postma hat woansdei op de tredde dei fan it Europeesk kampioenskip yn de Finn hiele wikseljende resultaten delsetten. Der waard op de Swarte See by Varna yn Bulgarije trije kear syld. De Fryske siler fan Terkaple waard 34ste, njoggende en earste. It 34ste plak is no it ôflûkresultaat.

Postma bliuwt mei syn skoare fan 37 punten op it sânde plak, mar it ferskil mei de nûmer trije is mar seis punten. Lieder Gaspic (Kroäsië) hat 18.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)