Pieter Jan Postma stiet fyfde

24 jan 2008 - 13:47
  • Pieter Jan Postma

Siler Pieter Jan Postma fan Terkaple stiet nei 'e tredde race op it wrâldkampioenskip yn 'e Finnklasse op it fyfde plak. Tongersdei waard er yn 'e twadde race trettjinde. Dêr wie er net tefreden oer. Dan Slater út Nij-Seelân bliuwt oan kop mei 6 punten. Postma hat 27 punten.

It WK yn it Australyske Melbourne duorret noch oant 29 jannewaris. Postma pakte ferline jier ferrassend sulver op it WK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)