Pieter-Jan Postma op dreef

29 maaie 2009 - 22:42

Pieter-Jan Postma hat freed op de tredde dei fan de Delta Lloyd Regatta in moaie sprong makke yn it klassemint. De âld-ynwenner fan Terkaple waard twa kear twadde yn de Finn en stiet no fjirde.

Marit Bouwmeester fan Warten ferspile har twadde plak yn it klassemint fan de Laser Radial. Marit starte in kear te betiid en dat betsjutte diskwalifikaasje. Fierder waard se in kear fiifde en sechsde. Op 'e ranglist is Marit no njoggende.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)