Pieter-Jan Postma klimt nei tredde plak op EK yn Barcelona

09 mrt 2016 - 18:04
  • Pieter-Jan Postma
  • Pieter-Jan Postma (argyffoto)

Siler Pieter-Jan Postma  út Terkaple is nei trije dagen nei it tredde plak klommen op it iepen EK Finnsilen yn Barcelona. De Fries kaam woansdei by de fjirde race as tredde oer de einstreek. Dêrtroch hat er no in poadiumplak yn it einklassemint. Hy stiet op 43 punten, sûnder ôftrek. Postma moast fier weikomme troch syn teloarstellende 33e plak by de iepeningswedstriid.

De Nij-Seelanner Josh Junior liedt op it stuit it klassemint mei 20 punten. Op it twadde plak stiet de Hongaar Zsombor Berecz mei 29 punten. Sneon is de lêste dei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)