Pieter-Jan Postma klimt nei earste plak yn klassemint

11 mrt 2016 - 18:31
  • Pieter-Jan Postma

Siler Pieter-Jan Postma hat freed goede saken dien op it Europeesk kampioenskip Finnsilen yn Barcelona. De 34-jierrige út Terkaple sylde freed yn de fiifde race nei it twadde plak en yn de sechsde race nei it sechsde plak. Postma klimt dêrtroch fan it tredde nei it earste plak yn it algemien klassemint.

Sneon wurdt noch ien wedstriid syld en dêrnei folget de medaljerace, wêryn't de bêst klassearre mannen stride om de poadiumplakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)