Pieter-Jan Postma hat maleur

31 jul 2012 - 15:07
  • Pieter-Jan Postma

Finnsiler Pieter-Jan Postma is yn de fiifde race op de Olympyske Spelen troffen troch maleur. Ien fan de linen fan syn boat dy't it seil strak hâldt, knapte. Dat betsjutte dat Postma út de kopgroep foel. Hy koe it mankemint wol provisoarysk reparearje en de race útsile. Mar mear as in tweintichste plak siet der net mear yn.

Klassemintslieder Jonas Hogh-Kristensen wûn de race. Postma stiet nei fiif races op it fiifde plak mei 22 punten, 17 punten achter Kristensen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)