Pieter-Jan Postma: goed en min

26 aug 2013 - 22:19

Pieter-Jan Postma begûn moandei yn Estlân hiel goed oan it wrâldkampioenskip yn de Finn. Hy besylde in twadde plak, achter de Australiër Oliver Tweddell. Yn de twadde race einige de ynwenner fan Ljouwert teloarstellend as 45ste. Yn it klassemint stiet Postma nei de earste dei tweintichste. De Brit Andrew Mills hat de lieding nei in sechsde en tredde plak.

Oant en mei freed wurde der tsien wedstriden syld. Sneon is de medaljerace mei de bêste tsien fan it klassemint. Der dogge 86 silers mei oan it WK.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)