Pieter-Jan Postma ferspilet oerwinning yn Rio de Janeiro

22 aug 2015 - 22:14
  • Pieter-Jan Postma

Finnsiler Pieter-Jan Postma fan Terkaple hat sneon yn de medaljerace fan de Olympyske testwedstriden yn Rio de Janeiro, syn earste plak ferspile. Postma waard achtste en sakke dêrtroch nei it tredde plak yn it einklassemint. De Brit Giles Scott en de Fin Tapio Nirkko giene Postma foarby.

Postma foldie mei syn brûnzen medalje wol oan de kwalifikaasje-easken foar de Olympyske Spelen fan 2016. Dochs is er noch net wis fan in startbewiis. Dat moat er binnenhelje by it WK yn Nij-Seelân of by de olympyske sylwike foar de kust fan Mallorca.

Marit Bouwmeester helle freed ek al in brûnzen medalje yn Rio de Janeiro. Se die dat yn de Laser Radial klasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)