Pieter-Jan Postma 20e op EK

27 sep 2006 - 09:59

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple stiet nei fjouwer races 20e yn it klassemint by it EK silen yn de Finn-klasse. Dat wurdt hâlden yn it Spaanske Palamós. Postma hat no 79 punten. De nûmer ien, Edward Wright út Ingelân, stiet op 12 punten.

Postma is tegearre mei Sander Willems wol de bêste Nederlanner. Wietze Zetzema, Karel van Hellemond en Cees Scheurwater steane op in 32e, 35e en 54e plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)