Pieter Huistra ynterim-bûnscoach Yndonezië

07 maaie 2015 - 14:45

De yn Goaiïngea berne Pieter Huistra wurdt ynterim-bûnscoach fan Yndonezië. De 48-jierrige Fries docht dat yn earste ynstânsje foar de WK-kwalifikaasjewedstriden tsjin Taiwan en Irak. Dy wedstriden wurde yn juny spile. Dêrnei wurdt besjoen oft Huistra langer oanbliuwt.

Huistra is al de fyfde Nederlânske bûnscoach dy't yn Yndonezië aktyf is. Yn Nederlân wie er ûnder oare trainer fan FC Grins en De Graafschap. Op dit stuit is Huistra al technysk direkteur by it fuotbalbûn fan Yndonezië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)