Pieter Huistra stapt op by it Yndonezyske fuotbalbûn

10 des 2015 - 17:41

Ald-fuotbalinternasjonal Pieter Huistra fan Drachten is opstapt as technysk direkteur en ynterim-bûnscoach fan it Yndonezysk fuotbalbûn. Neffens Yndonezyske media is it kontrakt ûntbûn en komt Huistra werom nei Nederlân.

Pieter Huistra koe net safolle útrjochtsje mei it Yndonezysk fuotbalteam. It mei gjin ynternasjonale westriden spylje, omdat de FIFA it Yndonezysk fuotbalbûn skorst hat. Dat is omdat de oerheid him mei de kompetysje bemuoide.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)