Pieter Huistra is haadcoach fan in nije Japanske fuotbalklup

13 jan 2016 - 12:40

Coach Pieter Huistra fan Goaiïngea is de nije haadcoach fan Iwaki FC yn Japan. Huistra stapte yn desimber op by it Yndonezyske fuotbalbûn. Dêr wie er technysk direkteur en ynterim-bûnscoach. Mar de Fries mocht gjin ynternasjonale wedstriden mei Yndonezië spylje, om't de FIFA it lân in straf oplein hie.

Yndonezië krige de straf om't de oerheid him mei it fuotbal bemuoide. De nije wurkjouwer fan Huistra, Iwaki FC, is in nije klup en sil starte op amateurnivo.

De klup is drok dwaande mei it oanlûken fan spilers en hopet binnen tsien jier de J-league, it heechste nivo yn Japan te berikken. Huistra lit witte tige bliid te wêzen mei syn nije baan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)