Pieter Hielema beneamd ta nije foarsitter fan Fierljep Bûn

01 feb 2016 - 11:20
  • Pieter Bult hat nei tsien jier ôfskie naam as foarsitter fan de Nederlânske Fierljep Bûn

Pieter Hielema fan Kockengen is de nije foarsitter fan it Nederlânske Fierljep Bûn. Hy folge ôfrûne wykein Pieter Bult op. Hielema wurdt foarsitter yn in tiid dat de gearwurking tusken it Fryske en it Hollânske bûn hieltyd fierder op gong komt. Der komme sintrale wedstriidregels, in oerkoepeljende webside en in sintrale lede-administraasje.

Hielema is bekend mei de sport. As Grinzer ljepte hy nei in Fryske jonges- en junioaretitel en hy hat ferskate bestjoersfunksjes hân. Hy wol de rol fan it NFB as promotor fan it fierljeppen útbouwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)