Pieter Collen werom nei België

07 jul 2009 - 11:09

Cambuurspiler Pieter_Collen spilet takom seizoen yn de twadde klasse fan België. Collen hat in ienjierrich kontrakt tekene by SK Beveren. By dy klup treft Collen trainer Johan Boskamp wer dy't him alve jier lyn by AA_Gent debutearje liet.

Sûnt jannewaris 2009 spile Collen op amateurbasis foar Cambuur. De ferdigener kaam oer fan it Belgyske Sint_Truiden en krige in healjier de tiid in kontrakt te fertsjinjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)