Pieter Bijl nei Hearrenfean

11 maaie 2004 - 00:00

Yn de technyske stêf fan SC Hearrenfean komme mei yngong fan it nije seizoen in tal feroarings. Trainer Henk Herder fan de A-junioaren krijt takom seizoen de lieding oer it Belofteteam.

De trainer dy't no it Belofteteam coacht, Jan de Jonge, skoot troch nei it earste alvetal. Hy wurdt dêr de assistint fan haadtrainer Gertjan Verbeek. Ald-Hearrenfeanspiler Pieter Bijl wurdt oanlutsen as trainer fan de A-junioaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)