Piet Paulusma warskôget foar earste hjerststoarm

21 okt 2015 - 08:28

Waarman Piet Paulusma warskôget foar de earste hjerststoarm yn de nacht fan moandei op tiisdei en de tiisdeis sels. In lytse depresje ûntwikkelet him dan ta in swiere depresje mei stoarmwaar. De wyn nimt dêrom yn de nacht ta en wurdt sa hurd dat der sprake is fan in stoarm.

De tiisdei is ek in stoarmdei mei in hurde wyn út it suden wei. Letter draait de wyn en komt er út it noardwesten. Paulusma ferwachtet dat de natuer in soad gefolgen ûnderfine sil fan dizze stoarm, foaral om't de beammen noch in soad blêden ha.

De waarman hâldt in blog by mei de ûntwikkelingen fan de stoarm.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)