Piet Paulusma: "Waarme dagen hâlde ek yn it wykein noch oan"

17 des 2015 - 20:20

Dizze woansdei giet de boeken yn as de waarmste 17 desimber ea. Neffens weeronline.nl wie it middeis yn Limburch 15,5 graad, wylst de leechste temperatuer metten waard yn Fryslân: op Skylge wie it om it middeisoere hinne 10,9 graden.

Neffens waarman Piet Paulusma binne de temperatueren ek yn Fryslân hiel heech foar de tiid fan it jier. It waarrekôr fan 1989 is neffens him seker ferbrutsen. "It is sa'n 10 graden te waarm foar desimber. En de waarmte hâldt ek it wykein en de kommende dagen noch oan."

Omrop Fryslân frege woandeitemiddei op Facebook hoe waarm at it by de minsken yn de provinsje wie. Tsientallen minsken reagearren dêr op. Yn Harns wie it 12 graden, op Skiermûntseach 13 graden en yn Ternaard waard 13,5 graad metten op de termometer. Yn Aldeberkeap wie it 14,9 graden en by guon yn Noardburgum wiisde it kwik sels 15,9 graad oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)