Piet Paulusma: simmerwaar komt deroan

31 maaie 2015 - 10:26

Waarman Piet Paulusma ferwachtet simmerwaar foar letter dizze wike. Fan tongersdei ôf komme de temperatueren boppe de tweintich graden te lizzen. Oan see wurdt it sa'n 21 graden, mear it lân yn sa'n 26. Troch in súdeastlike streaming sil it yn it wykein noch wat waarmer wurde.

Oft it simmerwaar dêrnei oanhâldt, is noch net dúdlik, mooglik folget nei it wykein wer in mindere perioade. Neffens Piet Paulusma sil juny in moanne mei wikselingen yn it waar wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)