Piet Paulusma: nije wike waarmte- of hjitteweach

07 aug 2015 - 11:16
  • Piet Paulusma

Waarman Piet Paulusma ferwachtet fan snein of moandei ôf in waarmteweach, dy't yn de rin fan de wike oergean kin yn in hjitteweach. Fan in waarmteweach is sprake as der yn in perioade fan 5 oant 7 dagen sprake is fan temperatueren fan 25 graden en heger.

Yn de rin fan nije wike komme der tropyske temperatueren boppe de 30 graden yn sicht. Mocht dat trochgean, dan is sprake fan in hjitteweach. De kâns op tongerbuien wurdt neffens Piet wol grutter. Bewolking en buien kinne de maksimumtemperatuer fan 30 graden en heger tsjinhâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)