Piet Paulusma: "Nachtfroast en kâns op glêdens"

22 nov 2015 - 15:56

Yn de nacht fan snein op moandei sil it frieze. Neffens Piet Paulusma is der kâns op glêdens troch winterske buien. It wurdt -1 oant -3 graden. Nei alle gedachten moatte autobestjoerders moandeitemoarn de ruten skraabje. It KNMI hat koade giel ôfjûn.

Yn de nacht fan sneon op snein binne al struiweinen ynset. Troch wiete snie rekken snein auto's fan de dyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)