Piet Paulusma: "De glêdens hâldt noch oant tongersdei oan"

05 jan 2016 - 14:08
  • Glêdens (argyffoto)

De problemen mei de izel duorje noch wol even. Dat ferwachtet waarman Piet Paulusma. Tiisdeitemiddei bliuwt it op de measte plakken droech en wurdt it tusken de +1 en -2 graden. It kâldst is it yn it easten en noardeasten.

Tiisdeitejûn komt der in gebiet mei kâlde lucht ús kant op. Mei -2 oant -3 graden gjin stevich winterwaar, mar sa seit Piet: "Dat betsjut wol dat diken en paden dy't noch wiet binne, wer opfrieze sille. En dêr't it iis lizzen bleaun is, dat is yn it grutste part fan de provinsje, kin it wer sjippeglêd wurde."

Noch mear rein, izel en snie

En dan is it ôfwachtsjen wat it nije gebiet mei rein, izel en snie docht. Dat komt stadichoan dizze kant op. "Mar dat fertraget wat, dat sil ús provinsje letter fannacht berikke", sa tinkt de waarman. Moarns krije we dêr wer lêst fan en ek friest it woansdei oerdei wer. "Wy hâlde kâns op glêdens, wy hâlde kâns op sjippeglêde diken en it opfriezen spilet ek in rol."

Stapeleffekt

Neffens Piet ha we te krijen mei in opstapeleffekt: der leit noch izel, der komt wer izel by en dus bliuwt it glêd. Tongersdei rint de temperatuer lykwols wer op nei sa'n 6 graden.

Sjoch foar it lêste nijs oer de glêdens op ús liveblog

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)