Piet Paulusma bliid mei Omrop

01 des 2010 - 16:54

Piet Paulusma is bliid dat hy 25 jier lyn de kâns krigen hat om by Omrop Fryslân it waar te presintearjen. Dat sei er woansdeitemiddei by syn resepsje by de Omrop. Waarman Piet Paulusma is dy dei 25 jier yn tsjinst by Omrop Fryslân.

Waarman Piet Paulusma is woansdei bedobbe ûnder lokwinsken fanwege syn jubileum. Hûnderten minsken ha Piet lokwinske, fia de mail, fia twitter en mei sms-kes nei Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)