Piet: op snein noch mear snie

19 des 2009 - 11:01
  • Snie yn it sintrum fan Ljouwert (foto: W. Smith, Ljouwert)
  • Snieman yn Ljouwert (foto: Sylvia Bouma)

Waarman Piet Paulusma warskôget dat der snein pleatslik tusken de 15 en 20 sentimeter snie falle kin. Dat kin foar in soad oerlêst soargje. Boppedat hellet de súdwestewyn oan oant matich oant krêftich, oan see soms hurd. Sneon en sneontenacht begjint it al in bytsje. De measte snie wurdt snein ferwachte oan it ein fan de moarn en it begjin fan de middei. It giet dan neffens Piet Paulusma om matige oant swiere sniebuien. Ek sneintejûn en sneintenacht is der kâns op sniefal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)