Piet: noch gjin strange froast

17 jan 2013 - 08:00
  • IIs mjitte

It duorret noch wol even foar't de grutte farwetters yn Fryslân berydber wurde. Dat seit waarman Piet Paulusma. Foar it tichtfriezen fan bygelyks it Prinses Margrietkanaal en it Van Harinxmakanaal is in tal nachten strange froast nedich. Dy wurdt foar de kommende wike net foarsein. Yn de rin fan nije wike komt de temperatuer mooglik sels in pear dagen boppe nul te lizzen. Mooglik dat er dêrnei wol wer sakket, mar dêr is op dit stuit noch gjin sekerheid oer. Iisbanen en lytsere wetters sille foarearst wol berydber bliuwe of wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)