Piet Adema wurdt boargemaster

25 maaie 2011 - 16:35
  • Piet Adema

Ald-deputearre Piet Adema wurdt foar in jier waarnimmend boargemaster yn Achtkarspelen. Hij folget Tjeerd van der Zwan op, dy't beneamd is as boargemaster fan Hearrenfean.

De koarte perioade hat te meitsjen mei it feit dat letter dit jier mear dúdlikheid komt oer de gemeentlike weryndieling yn Noardeast-Fryslân. Dy plannen reitsje ek Achtkarspelen. As dy dúdlikheid der is wurdt socht nei in saneamde 'kroanbeneamde' boargemaster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)