Piet Adema wer listlûker CU

07 okt 2010 - 08:32

Piet Adema (45) is opnij listlûker foar de ChristenUnie by de ferkiezing foar provinsjale steaten. Adema wie dat fjouwer jier lyn ek en waard dêrnei deputearre. Hy wie dêrmei de earste deputearre dy't de ChristenUnie levere oan in Frysk provinsjebestjoer.

De ferkiezings foar provinsjale steaten binne takom jier. Wa't der fierder op de list foar de ChristenUnie komme te stean moat noch bepaald wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)