Piet Adema nije foarsitter CU

28 feb 2013 - 21:52
  • Piet Adema

Piet Adema fan Drachten is foardroegen as nije foarsitter fan de ChristenUnie. Op 13 april stimt it partijkongres yn Ede oer de foardracht fan it bestjoer. Adema wie oant 1 jannewaris fan dit jier waarnimmend boargemaster fan Achtkarspelen.

Dêrfoar wie er in oantal jierren deputearre, mar dêr kaam in ein oan doe't de ChristenUnie nei de steateferkiezings fan 2011 net weromkaam yn it nije kolleezje fan deputearre steaten. As nije foarsitter moat Piet Adema wurkje oan de fernijing fan de partij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)