Piersma pakt winst yn Blauhús

22 jun 2014 - 18:09
  • De winners fan it Iepen FK autocross yn Blauhús 2014
  • De autocross yn Blauhús (argyffoto)

Rients Piersma fan Parregea hat snein de Fryske titel pakt by it Iepen Frysk Kampioenskip autocross yn Blauhús. Yn in nuvere finale foel de iene nei de oare dielnimmer út en wie it úteinlik Piersma dy't ferrassend mei de winst útnaaide. It twadde plak wie foar Karel Roorda fan Makkum, dy't Jordi ten Kate fan Hallum efter him wist te hâlden. Ten Kate einige as tredde.

Yn de Rodeoklasse gong de winst nei Rimer Laverman fan Hantum. Yn de Stockcar-klasse wûn Rob Hink út Heiloo foar Onno Pietersma fan Tsjumearrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)