Piersma nominearre foar priis

12 jul 2014 - 11:41

It boek Zwaluwen van Gaast fan Theunis Piersma is nominearre foar Jan Wolkerspriis. De sjuery hat in list fan tweintich boeken gearstald dy't kâns meitsje op de haadpriis. Dat is in bedrach fan 5000 euro en in tekening fan Siegfried Woldhek. De Jan Wolkerspriis wurdt op 19 oktober útrikt.

Piersma wûn yn juny de heechste wittenskiplike priis fan Nederlân, de Spinoza Premie fan 2,5 miljoen euro.

Utjouwerij Bornmeer priizget Zwaluwen van Gaast oan as in literêr ferslach fan in persoanlike syktocht, in oade oan de swel. Oanlieding fan it boek wie in fraach fan in doarpsgenoat yn Gaast: 'Wêr bliuwe de sweltsjes fan 't winter, Theunis?' Piersma fertelt yn it boek hoe't de sweltsjes oerlibje en wêr't se oerwinterje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)