Pierelijn wer yn gebrûk naam

30 apr 2007 - 21:35

It Dokkumer sikehûs en de gemeente Amelân losse sels it ferfiersprobleem tusken de pier fan Holwert en Dokkum op. Mei it ferdwinen fan de Regiotax en it ûntbrekken fan in goeie busferbining, soene Amelânners fan tiisdei ôf wer dreech fan de boat yn Dokkum komme kinne.

Dêrom wurdt fan tiisdeitemoarn ôf de Pierelijn wer yn eare hersteld. Oer in heal jier wurdt sjoen of de taksy op ôfrop rendabel is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)