Pier Pander mooglik yn Rome

05 feb 2006 - 12:15

Yn Rome komt mooglik in eksposysje fan de Fryske neo-klassisistyske byldhouwer Pier Pander. Direkteur Van 't Veen fan it Frysk Museum is op dit stuit yn Rome om de mooglikheden te ûndersykjen en om mear ynformaasje oer Pander te finen.

Pier Pander hat 25 jier lang yn de Italiaanske haadstêd wenne en wurke. Hy leit dêr ek begroeven. Takom jier komt der in grutte Pier-Pander-manifestaasje yn Ljouwert. Pier Pander waard berne yn 1864 yn Drachten en ferstoar yn 1919.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)