Pier Baarsma moat omset digitale útjeftes NDC fergrutsje

30 mrt 2015 - 16:18
  • Pier Baarsma

Utjouwer NDC Mediagroep hat in nije kommersjeel direkteur beneamd. It is de 47-jierrige Pier Baarsma, dy't earder ûnder oare foar Philip Morris en Coca-Cola wurke. Baarsma krijt benammen as taak de omset te fergrutsjen dy't de NDC hellet út digitale útjeften.

De Noordelijke Dagblad Combinatie jout ûnder oare de Ljouwerter krante en it Frysk deiblêd út. Baarsma begjint op 15 april mei syn wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)