Pico tinkt om de medisinen

19 jul 2011 - 11:03

Soarchfersekerder De Friesland docht mei in groep apteken ûndersyk nei feiliger medisinegebrûk. Foar dat ûndersyk wurde 160 minsken folge dy't mei in apparaat holpen wurde om op tiid de medisinen yn te nimmen. Dat apparaatsje, de Pico, jout in lûdsje of in ljochtsinjaal as it tiid wurdt foar in pil. As dat fergetten wurdt, giet der in telefoanysk berjochtsje nei in fersoargende of in famyljelid.

Yn it ûndersyk wurdt sjoen oft it systeem echt goed wurket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)