Pick-up-truck-ambulânse kin mear plakken berikke op Skylge

07 des 2015 - 20:46
  • De robúste ambulânse kin op mear plakken komme as de gewoane sikeauto

Skylge kriget in nije ambulânse. It giet om in omboude pick-up-truck. It is de earste ambulânse fan dat type dy't it sikeferfier yn Nederlân fersoarget. Yn Skandinavië ride der al in soad fan om. De auto is yn Finlân opboud. Hy wurdt op 't heden yn Ljouwert fierder ôfmakke.

De nije ambulânse makket mear plakken berikber as de ambulânse dy't se no op it eilân brûke. Dy is al hast tweintich jier âld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)