Pick-up fernielt strjitte

19 des 2008 - 09:53

De plysje siket de bestjoerder fan in swarte pick-up, dy't woansdei yn Berltsum in stik strjitfluorring fernield hat. De auto ried middeis mei in flinke gong it parkearterrein by de supermerk op. Hy ried oer stoeprânen, dy't ferset rekken. Dêrtroch waard 36 kante meter sa fernield, dat it opnij lein wurde moast.

Tsjûgen koene gjin sinjalemint trochjaan, mar wisten wol te fertellen dat der twa jonges fan in jier as tweintich yn de auto sieten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)