Piano yn Ljouwerter stasjonshal

11 feb 2015 - 15:58
  • Ljouwert krijt in piano yn de stasjonshal, earder stie de piano yn Grins

It treinstasjon yn Ljouwert krijt in piano. It muzykynstrumint wurdt tongersdei pleatst yn de stasjonshal en elk mei der op spylje. Earder stie de piano in tal moannen yn de stasjonshal yn Grins. Dêr die bliken dat reizgers spontaan begûnen te spyljen, wylst oare passazjiers harken.

Guon makken dêr filmkes fan en dielden dat materiaal op de sosjale media.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)