Demintearjenden krije piano

17 jul 2013 - 12:15
  • Piano foar soarchkompleks Snits

De demintearjende bewenners fan soarchlokaasje de Waterman yn Snits ha in piano krigen. Muzyksintrum Oostendorp út Wezep brocht it twaddehâns ynstrumint woansdeitemoarn. Pieter Spoelstra, soan fan bewenner Bennie Spoelstra kaam op it idee. It muzyksintrum woe fergees meiwurkje en sil de piano ûnderhâlde. Neffens aktiviteitebegelieder fan Plantein Thea de Lange is muzyk wichtich foar demintearjende minsken. Se kenne de teksten fan de ferskes dy't se earder leard ha noch hiel goed.

Mei de piano kinne de bewenners de ferskes wer sjonge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)