'Phryso' ferskynt minder faak

14 jun 2003 - 00:00

It Nederlânsktalige moanneblêd Phryso ferskynt dit jier noch mar fjouwer kear en it blêd Phryso International hielendal net mear. Beide blêden wurde útjûn troch it Frysk Hynstestamboek. De feriening skrast de útjeften fanwege de minne finansjele situaasje.

Takom jier sil de Phryso wer ien kear yn de moanne ferskine. Bûtenlânske leden moatte tenei de ynformaasje fan ynternet helje. It Frysk Hynstestamboek hopet op dizze wize kosten te besparjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)