Philips steurt him oan ferhalen

12 apr 2003 - 00:00

Direkteur Veenhof fan Philips-Drachten hat him dizze wike bot steurd oan de negative publisiteit oer it skearapparatefabryk. Neffens Veenhof is der foarearst gjin sprake fan it ferlies fan arbeidsplakken yn Drachten, mar hy slút net út dat yn 'e takomst mooglik al banen ferdwine sille as in part fan 'e produksje nei Sjina giet.

Fakbûnen en Philipsdireksje ha freed op haadlinen ôfspraken makke oer de wurkgelegenheid by it fabryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)