Philips skrast 116 banen

09 des 2008 - 09:24
  • Gjin twongen ûntslaggen

By Philips Drachten ferdwine takom jier 116 banen. It giet om fêst personiel, sawol produksje- as kantoarmeiwurkers. Philips besiket twongen ûntslaggen foar te kommen troch foar elkenien in nije baan te sykjen, bygelyks by in oare festiging.

Reorganisaasje by it fabryk is nedich omdat de fraach nei skearapparaten ôfnimt. Neffens it CNV siet de reorganisaasje der al oan te kommen. De kredytkrisis hat dy fersneld. By Philips Drachten wurkje 1400 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)