Philips skrast 10% banen

17 okt 2011 - 08:58

Philips skrast yn Nederlân 1400 banen. Oer de hiele wrâld ferdwine der 4500 wurkplakken. Earder hie it elektroanikabedriuw al oankundige dat der banen fuort moasten. Krekte oantallen wiene doe lykwols noch net neamd.

De banen ferdwine as ûnderdiel fan in grut reorganisaasjeplan. Philips wol hjir 800 miljoen euro mei besunigje. It is noch net dúdlik oft der yn Drachten ek banen ferdwine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)