Philips-personiel staakt massaal

28 mrt 2002 - 00:00

It personiel fan de Philips-festiging yn Drachten hat tongersdeitemoarn manmachtich it wurk dellein. De direksje is net yngien op de eask fan de fakbûnen fan in leansferheging fan 3,5 prosint. Philips wol net fierder gean as 2,5 prosint.

Op noch alve oare plakken waard staakt. Nei Peaske prate fakbûnen en Philips oer in oplossing yn it CAO-konflikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)