Philips makket mear winst

13 okt 2008 - 10:41

Elektroanikabedriuw Philips hat yn it tredde fearnsjier acht prosint mear winst boekt. De winst gie omheech fan 331 miljoen euro nei 357 miljoen. Dit nettsjinsteande in weromrinnende fraach nei konsuminte-elektroanika.

Foar de kommenden perioade wol Philips de kosten goed yn de gaten hâlde. Dit hat alles te krijen mei de kredytkrisis fan it stuit. Philips ferwachtet foar it fjirde fearnsjier 230 miljoen euro nedich te hawwen foar reorganisaasjemaatregels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)