Philips liedt wurknimmers op

08 feb 2005 - 12:05

Noch mear twongen ûntslaggen by it skearapparatefabryk fan Philips yn Drachten kin nei alle gedachten foarkommen wurde troch in omfangryk opliedingsplan by it bedriuw. De direksje en de fakbûnen hawwe dêr in akkoart oer berikt. Dat betsjut dat 700 wurknimmers, lykas ynpakkers en monteurs, fergees in oplieding krije as prosesmeiwurker, mei in erkind diploma.

Doel is om de minsken safolle mooglik oan it wurk te halden by Philips.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)