Philips hâldt op mei sinnebanken

18 nov 2004 - 09:40

Philips Drachten hâldt op mei de produksje fan sinnebanken. By it bedriuwsûnderdiel Suncare wurkje sa'n 80 minsken. De produksje ferhuzet nei in lân dêr't de leanen leger binne. Der wurde de lêste tiid minder sinnebanken ferkocht en de kosten nimme wol ta.

Fakbûnen wolle ûndersykje oft dit de bêste oplossing is en oft in reorganisaasje ek mooglik is. Mooglik krije 60 fan de 80 wurknimmers dien. It personiel is bot skrokken fan it nijs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)