Philips en sikehús wurkje gear

10 sep 2013 - 14:00
  • De bodygroom is in gearwurking tusken Philips en Nij Smellinghe.

Philips Drachten en sikehûs Nij Smellinghe starte mei in opfallende gearwurking. It sikehûs sil in Bodygroom apparaat fan Philips, bedoeld foar it skearen fan it lichem, brûke by de tarieding fan in sterilisaasje-operaasje by manlju.

Philips en Nij Smellinghe tinke dat plakjes dy't soms ûntsteane by it skearen fan de balsek sa foarkommen wurde kinne. Pasjinten dogge it skearen sels en dan giet it wolris mis. Betinker fan it idee is urolooch Thomas Müller fan Nij Smellinghe.

It giet foarearst om in proef foar 40 pasjinten. Dy krije it apparaat fergees mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)